Sjoukje har 60ste-jierdei

Op moandei 31 maart waard Sjoukje ferrast troch har (skoan) susters, (skoan) dochter en freondinnen ter ere fan har 60ste-jierdei. It programma foar dizze dei wie hast foar eltsenien in ferrassing.

It begun yn de Prinsentun yn Ljouwert, wer't de Shikara al yn it wetter lei te wachtsjen op in hiele protte froulju. It bysunder tochtsje op de boat brocht harren troch de smelle greften fan de sted Ljouwert. It boatsje mei al dy froulju en ien kapitein foer hiel rustich troch it sintrum fan de sted. It eindige by de Blokhuspoort wer't it feest ferfolge waard.
Dit wie in moai begjin fan in hiele geselliche dei.
" Wat wienen we wer moai fuort!"

Jon, it wie tige slagge! Tige Tank!

Groeten Sjoukje en de oare froulju, 31-03-2014